SCO - Oost-Arnhem: 17 - 17

31 jan 2005 - 13:18

It lytse SCO út Aldeholtpea spile snein fertsjinstlik gelyk tsjin it grutte Oost-Arnhem. Yn in grôtfolle sporthal yn Wolvegea stie Oost-Arnhem hast de hele wedstriid foar. Mar yn 'e lêste minút makke SCO dochs noch de lykmakker: 17-17.

SCO docht it bysûnder goed ûnder de nije trainer Sake Koelma, dy't begjin desimber by SCO kaam. Sûnt Koelma der is hat SCO noch net ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)