SCO net opwoeksen tsjin SKF

01 des 2013 - 13:52
  • SCO ferlear mei 26-21 fan SKF

De kuorballers fan SCO ferlearen sneon mei 26-21 fan SKF. Yn eigen hûs waard it publyk traktearre op in wiere kuorbalthriller. Yn in fysike earste helte reinde it strafworpen en luts skiedsrjochter Kuyer boppedat trije kear in giele kaart.

Nei rêst like SCO de wedstriid nei him ta te lûken. By in 17-15 foarsprong slagge de ploech fan trainer Hillebrand Diever der lykwols net yn om de marzje fierder út te wreidzjen. SKF kaam lânsside en rûn yn de lêste 10 minuten út nei in swierbefochten oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)