SCO en LDODK spylje lyk

22 nov 2009 - 17:00
  • Bylden fan de wedstriid

De Fryske twastriid yn de sealhaadklasse tusken SCO en LDODK einige yn 18-18. LDODK wie yn Wolvegea yn de earste helte de bettere ploech. Troch hurd wurkjen en fysyk stevich spul koe SCO de skea beheind hâlde: 9-11 foar LDODK. Nei it skoft wie it skot oan de kant fan LDODK folle minder en kaam SCO foar it earst op likense hichte. Nei 13-13 en 15-15 kaam de ein by 18-18.

Mid-Fryslân ferlear yn Wormer mei 20-18 fan Groen Geel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)