SCO degradearret út haadklasse

logo sco

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea binne snein degradearre út de haadklasse B. Yn in rjochtstreeks duel mei Mid-Fryslân ferlear SCO mei 23-14. Mid-Fryslân sette yn eigen sporthal De Twine goed útein. De thúsploech rûn al gau út nei 6-2. In foarsprong dy't de ploech fan Peter Tolsma foar it skoft útwreide nei 15-6. Ek yn de twadde helte wie Mid-Fryslân fierwei de sterkste.

It ferlies betsjut dat SCO takom seizoen yn de oergangsklasse spilet. Mid-Fryslân hat him mei dizze winst fersekere fan liifsbehâld yn de haadklasse.

Bauke de Vries fan SCO
Peter Tolsma fan Mid-Fryslân

Besjoch ek...

20 mei 2012 - 16:39
19 mei 2012 - 17:27
13 mei 2012 - 16:40
13 mei 2012 - 16:20
12 mei 2012 - 18:19

(advertinsje)

See video

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.