SCO bliuwt haadklasser

24 maaie 2009 - 13:52
  • Byld fan de wedstriid

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea spylje ek takom seizoen op it heechste nivo, de haadklasse. De ploech fan Jan Tuttel wist yn it beslissende duel tsjin de nûmer lêst DVO út Bennekom in 13-14 êfterstân yn de lêste minút om te bûgjen yn in 15-14 oerwinning.

SCO ferspile yn de twadde helte in 9-4 foarsprong, mar wie krekt op 'e tiid wer by de les. Troch de winst einiget SCO op it tredde plak yn de haadklasse B, en dat is krekt genôch foar hanthavening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)