SCO begjint kuorbalkompetysje yn de seal mei winst

15 nov 2015 - 16:27

SCO is de sealkuorbalkompetysje yn de haadklasse begûn mei in 26-25 oerwinning op HKV/Ons Eibernest. Yn De Steense fan Wolvegea kaam de wedstriid muoisum op gong. Healwei hie SCO in 12-10 foarsprong. Mei noch fiif minuten te spyljen like de bút binnen: 23-19. It waard sels 25-19 foar de ploech fan coach Aegle Frieswijk, mar de tsjinstanner út Den Haach woe noch gjin belies jaan. Mei noch 35 sekonden te gean stie der 26-25 op it skoareboerd en dêr kaam gjin feroaring mear yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)