SCI-ûndersyk EU noch net klear

18 okt 2000 - 11:59

It is noch hieltyd net útsletten dat it kompjûterfabryk SCI op It Hearrenfean subsydzjes werombetelje moat. De Europeeske kommisje frege Nederlân ôfrûne wike foar de fjirde kear om ynformaasje.

De amtners fan Europeesk Kommissaris Monti binne noch hieltyd ûntefreden oer de antwurden fan Nederlân en sette dêrom it ûndersyk troch. Se ûndersykje oft SCI ek tefolle subsydzje krigen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)