SCI-gebou wurdt duorsumenspark

07 maaie 2007 - 15:09
  • It gebou dêr't earder SCI yn siet is lang om let ferkocht

Hearrenfean hat it eardere kompleks fan SCI ferkocht oan it ynvestearringsfûns Van Ketwich út Grinslân. It fûns wol in duorsumenspark meitsje fan it terrein.

Bedriuwen op it mêd fan enerzjyprodukten, natoer en miljeu kinne har oanmelde foar in plakje op it terrein fan de eardere Amearikaanske kompjoetergigant. SCI ferliet It Hearrenfean yn 2002, nei in perioade fol opskuor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)