Schuttevaerrace wer los

27 maaie 2011 - 06:49
  • Argyffoto Schuttevaerrace

De Schuttevaerrace giet freed wer fierder, mar wol mei in oanpast programma. De dielnimmers rinne op Teksel in heale maraton, ynstee fan op Flylân, sa as gebrûklik is. Dêrnei sile se nei Harns. Dêr wurdt besjoen oft de race om it waar wol fierder kin.

Tongersdei waard de wedstryd stillein fanwege it minne waar. De helte fan de 52 dielnimmers wie doe al útfallen, in soad fan har mei skea oan it skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)