Schuttevaerrace is stillein

26 maaie 2011 - 15:53
  • argyffoto Schuttevaerrace

De 29ste Schuttevaerrace is foarearst stillein. Dat hat de organisaasje tongersdei besletten. Fan de 50 dielnimmers binne al 15 útfallen troch de hurde wyn. De organisaasje advisearret de dielnimmers om nei Teksel ta te farren. Dêr sil freedtemoarn besjoen wurde oft it waar goed genôch is om opnij te begjinnen.

De Schuttevaerrace is in wedstriid dêr't trije dagen lang syld, draafd en fytst wurde moat yn it Waadgebiet. Start en finish binne yn Starum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)