Schuttevaerrace giet dochs troch

20 maaie 2006 - 12:02

De Schuttevaerrace wurdt freed dochs noch ôfmakke. Om 12.00 oere sei wurdfierder Sysling dat de race fanwege it waar ôfbrutsen wurde soe. Nei oerlis mei it bestjoer waard dochs oars besletten.

De race waard freedtemiddei in pear oeren stillein. Freedtejûn farre de dielnimmers dochs noch fan Koarnwertersân nei Hylpen. Dêr is dan de finish. By ien fan de dielnimmers bruts freedtemoarn de mêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)