Schuttevaerrace foar 29e kear

26 maaie 2011 - 10:46
  • Foto: www.schuttevaerrace.nl

Tongersdeitemoarn is de 29ste edysje fan de Schuttevaerrace útein setten. De 50 dielnimmers sile, fytse en drave yn it Waadgebiet. Se dogge dat ûnder oare op Teksel, Flylân en Skylge.

De start is yn Starum, dêrwei sile se nei Teksel. Dêr moat 60 km fytst wurde. Dêrnei sile se nei Flylân, dêr't 20 km draafd wurde moat. Werom nei Harns en dêr 70 km fytse en dan op nei Skylge. Dêr wurdt nochris 12 km draafd en dan folget it lêste syltrajekt werom nei Starum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)