Schuttevaerrace dochs ôfmakke

20 maaie 2006 - 13:19

De dielnimmers fan de 25e edysje fan de Schuttevaerrace ha freedtejûn let dochs noch de einstreek helle yn Harns (yn plak fan Hylpen). It siet de dielnimmers dit jier net mei. Fan de start ôf, ôfrûne tongersdei, hat it striemin waar west mei hurde wyn.

It like der freed even op dat de race ôfbrutsen wurde soe. Uteinlik is besletten om dochs troch te gean. By ien fan de dielnimmers bruts freedtemoarn de mêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)