Schuttevaer wol bredere slûs by Delfsyl

19 jan 2015 - 11:07
  • Foarsitter Ype Dykstra fan Schuttevaer Noord-Nederland

Skippersferiening Keninklike Schuttevaer is min te sprekken oer de gearwurking mei Rykswettersteat. Sûnt 2012 is Rykswettersteat de behearder fan de farwei fan De Lemmer nei Delfsyl. Sy ha ûnder oare it Prinses Margrietkanaal oernaam fan de provinsje. Ien fan de dingen dy't neffens Schuttevaer better moat is de slûs by Delfsyl, dyt' neffens de skippersferiening te smel is.

Foarsitter Ype Dijkstra fan Schuttevaer ôfdieling Noard wol dat der sa gau mooglik in stúdzje dien wurdt nei in geskikte lokaasje foar in bredere slûs.

Rykswettersteat is it net iens mei de krityk fan skippersferiening Schuttevaer. Neffens de binnenfeartskippers wurd der troch Rykswettersteat net goed mei harren kommuniseard en binne de nije maatregels, dy bygelyks te krijen hawwe mei farsnelheden, net helber. Rykswettersteat is wol wiis mei de nije regels. Sûnt de ynfiering is it tal ûngelokken mei de helte sakke. Ek sizze se in soad oerlis te hawwen mei de skippers. Dochs wolle se har ynsette om de kommunikaasje te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)