Schuttevaer foartidich einige

04 jun 2010 - 14:51

De Schuttevaerrace is freed foartidich op Skylge einige omdat der te min wyn stiet. De earste dielnimmers wiene al begûn oan it hurdrinnen, mar binne tsjinhâlden. Nei it hurdrinnen soe as lêste ûnderdiel it silen fan Skylge nei Starum wêze, mar dêrfoar stiet te min wyn.

De dielnimmers sile, fytse en hurdrinne en dogge dat ûnder oare op Teksel, Flylân en Skylge. Nei berekkenings waard Olivier Verhaar fan Haarlim útroppen ta winner fan de race.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)