Schut net by Cambuur

17 jan 2005 - 00:00

Oanfaller Derk Schut komt definityf net yn tsjinst by Cambuur Leeuwarden. Hy hat sneontemiddei meispile yn in oefenwedstryd tsjin Drachtster Boys, mar makke te min yndruk.

Trener Jan Schulting woe Schut noch ien kear sjen yn de wedstryd tiisdeitejûn tsjin Harkemase Boys. Mar Derk Schut hat Cambuur it ôfrûne wykein witte litten dat er oars omsjocht. It kontrakt fan de fuotballer waard earder by FC Den Bosch net ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)