Schultz wol bocht fargeul It Amelân ôfsnije

29 sep 2015 - 10:16
  • Fearboat Oerd fan Wagenborg

It ôfsnijen fan in bocht yn de fargeul of in oanpassing fan de tsjinstregeling fan Wagenborg. Dat binne de mooglike oplossings foar de fertraging fan de fearboat tusken Holwert en It Amelân. Dat skriuwt minister Melanie Schultz van Haegen oan de Twadde Keamer. De earste opsje, it ôfsnijen fan in bocht, soe betsjutte dat de farrûte 850 meter koarter wurdt. Dat soe in tiidwinst fan sa'n 3,5 minút opsmite.

It moat noch wol ûndersocht oft dit ek ekologysk kin. Mei-inoar kostet dizze oplossing tusken de 1 en 1,5 miljoen euro.

De oare oplossing is it oanpassen fan de tsjintregeling sadat fertraging tuskentiids wer ynrûn wurde kin. Ek dit moat noch fierder ûndersocht wurde. Beide opsjes binne oplossings foar de koarte termyn. De minister ferwachtet takom jier mei in strukturele oanpak fan de problemen te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)