Schultz van Haegen iepenet de Haakdagen Ljouwert

02 des 2014 - 14:22

Minister Melanie Schultz van Haegen iepenet moandei de Haakdagen yn Ljouwert. Sy jout it startsein foar tsien dagen fol eveneminten op en rûnom de nije Heak om Ljouwert. Sa wol de provinsje de Friezen yn 'e kunde komme litte mei de nije dyk.

Op 18 desimber moat de folsleine Heak om Ljouwert klear wêze en sil der foar in soad bestjoerders it ien en oar feroarje. Om foar te kommen dat minsken ferkeard of gefaarlik ride, wurde der foarôfgeand oan de iepening ferskate aktiviteiten organisearre lykas in hurdrintoch, fiskwedstriid en nachtkuier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)