Schulting nei Be Quick'28

04 maaie 2005 - 15:44

Jan Schulting is mei yngong fan it nije seizoen haadtrainer by Be Quick '28. Hy hat in kontrakt foar ien jier by de sneonshaadklasser út Swolle tekene. Schulting is no noch haadtrainer by Cambuur, mar dêr is yn it nije seizoen gjin plak mear foar him. Schulting syn persoanlike ambysje bliuwt wol om yn it betelle fuotbal te wurkjen. Sadree't der in betelle klub komt dy't Schulting ynhiere wol, is hy frij om te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)