Schuitengat net geskikt

23 jun 2011 - 14:27
  • Fearboaten yn it Schuitengat (foto: kustvaartforum)

It Schuitengat is gjin goed alternatyf foar fargeul De Slenk tusken Harns en Skylge. Rykswettersteat hat dêrfoar djiptemjittings dien. De konklúzje is dat it Schuitengat tusken Skylge en Flylân gjin natuerlike geul mei foldwaande breedte en djipgong is.

Op Skylge wie de fraach oft it Schuitengat brûkt wurde koe, omdat de fearboat ferline wike yn De Slenk fêstrûn wie. Earder wie it Schuitengat wol de wichtichste ferbining tusken Harns en Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)