Schuil/Nummerdor nei 3e ronde

12 sep 2008 - 22:30

Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert hat tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor de tredde ronde fan it toernoai yn Blackpool berikt. Yn de twadde ronde waard it Switserske duo Laciga/Schnider ferslein. De setstannen wiene 21-16 en 22-20.

Yn de tredde ronde treffe Schuil en Nummerdor it Dútske duo Klemperer en Koreng. Op de Olympyske Spelen wiene de Nederlanners noch te sterk foar de Dútsers. It toernoai yn Blackpool telt mei foar de Europeeske Tour.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)