Schuil/Nummerdor heale finale

24 maaie 2008 - 10:01

De strânfoljeballers Richard_Schuil en Reinder_Nummerdor ha yn Zagreb de heale finale helle fan it Kroatyske Iepen. Yn de fjirde wedsriid waard nei lange striid wûn fan it Brazyljaanske topduo Ricardo en Emanuel.

Ricardo en Emanuel binne no noch regearend Olympysk kampioen. Yn de beslissende tredde set gong nei ferlinging de winst nei âld-Ljouwerter Schuil en syn maat Nummerdor. De setstannen: 21-17, 20-22 en 25-23.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)