Schuil/Nummerdor geane troch

14 jun 2013 - 14:39
  • Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe by it Grandslam toernoai yn Scheveningen de achtste finales berikt. It Nederlânske duo wûn freed yn de saneamde "tuskenronde" yn trije sets fan it Spaanske duo Pablo Herrera en Adrian Gavira (22-20, 17-21 en 23-21). It is foar Schuil en Nummerdor harren earste wedstriid nei de Olympyske Spelen. Yn Londen einige it Nederlânske duo as fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)