Schuil yn beachvolleybalfinale

21 jun 2008 - 17:56

Beachvolleyballers Richard_Schuil út Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor steane snein yn de finale fan it Grand Slam-toernoai yn Parys.

De Nederlânske volleyballers ha sneon de heale finale mei 21-14 en 21-17 wûn fan it Dútske duo David_Klemperer en Eric_Koreng. Schuil en Nummerdor spylje yn de finale of tsjin de Amerikanen Tod_Rogers en Philip Dalhauser of tsjin it duo Harley Marques Silva en Pedro_Solberg út Brazylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)