Schuil troch yn de werkansing

25 aug 2006 - 09:39

Richard Schuil fan Ljouwert hat de folgjende ronde yn de werkansing fan it Europees Kampioenskip beach-volleybal helle. Schuil wûn tegearre mei Reinder Nummerdor yn de earste ronde fan de werkansing yn twa sets fan de Italianen Amore en Lione.

Earder hjoed hiene de twa ferlern fan de Nederlânners Boersma en Mast. Moarn kinne Schuil en Nummerdor dochs noch de heale finale helje troch fjouwer kear te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)