Schuil spilet net op it WK

10 apr 2009 - 14:14

Beachfoljeballer Richard Schuil spilet net op it WK. Dat wurdt hâlden yn it Noarske Stavanger fan 25 juny oant en mei 5 july. Hy soe dêr mei syn maat Reinder Nummerdor stean, mar Schuil trout yn juny en kin dat net kombinearje mei de tarieding.

Letter dit jier beslute Schuil en Nummerdor oft se trochgeane oant de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)