Schuil slút ôf mei NK-titel

05 jan 2014 - 17:30

Follyballer Richard Schuil hat snein syn topsportkarriêre ôfsletten mei de Nederlânske titel yndoar beachfollybal. De âld-Ljouwerter pakte syn allerlêste titel mei Reinder Nummerdor yn Aalsmeer troch mei 21-12 en 21-18 te winnen fan Wessel Keemink en Jeffrey van Wijk. Schuil joech earder al oan dat er nei it NK ôfskie nimt.

Schuil debutearre yn 1992 yn Oranje. Syn karriêre yn 'e seal duorre oant 2006, wêryn't er ûnder oare Olympysk goud, de World League en de Europeeske titel pakte. Mei Nummerdor pakte er 3 EK-titels yn it beachfolly.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)