Schuil-Nummerdor wis fan OS

26 apr 2012 - 21:07
  • Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor

Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne wis fan dielname oan de Olympyske Spelen dizze simmer yn Londen. De beide beachfollyballers wûnen de earste twa omlopen fan it wrâldtoernoai yn it Poalske Myslowice. Troch dy twa winstpartijen wurdt it duo minimaal njoggende en dêrmei ha se foarmbehâld sjen litten.

Schuil en Nummerdor wûnen earst fan Robbert Meeuwsen en Alexander Brouwer (22-20 en 21-14). Dêrnei waard it Sweedske duo Brinkborg en Gunnarsson mei 22-20 en 21-8 ferslein. Foar âld-Ljouwerter Schuil wurde it de fiifde Spelen.

Trije kear die er mei as sealfollyballer, mei goud yn 1996 yn Atlanta. Fjouwer jier lyn waarden Schuil en Nummerdor op de OS yn Peking fiifde yn it sân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)