Schuil / Nummerdor ferlieze

20 maaie 2007 - 18:09
  • Richard Schuil hat mei syn partner Reinder Nummerdor de finale ferlern

It beachfoljebal-duo Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe de finale fan it toernoai yn Sankt Polten ferlern. It Dútske koppel Julius Brink en Christoph Dieckmann wie mei 21-19, 14-21 en 12-15 te sterk. It toernoai yn Eastenryk jilde mei foar de Europeeske tour.

Ferline wike wûnen Schuil en Nummerdor noch in toernoai yn Bahrein. Dat toernoai stie op de kalinder fan de wrâld-tour fan it beachfoljebal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)