Schuil mooglik nei Spelen

09 nov 2007 - 21:23

Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert is troch it NOC/NSF nominearre foar de Olympyske Spelen fan 2008. Tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor moat Schuil yn 2008 allinnich noch foarmbehâld toane. Dat betsjut dat se op syn minst ien kear by de bêste tolve op it World Tour-toernoai einigje moatte.

Schuil en Nummerdor meitsje in goeie kâns, want dit jier wûnen se alris in toernoai op de wrâld-tour yn Bahrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)