Schuil: mei pinerêch nei Atene

01 jun 2004 - 00:00

Folleyballer Richard Schuil (31) út Ljouwert hat him it ôfrûne wykein mei de manljusfolleyballers kwalifisearre foar de Olympyske Spullen yn Atene. Schuil wie lang net fit, mar spile likegoed in belangrike rol yn 'e beslissende wedstriid tsjin Spanje.

Schuil syn rêch wie freed 'op slot' sketten. Hy spile de lêste wedstriid dêrom mei in korset en pynstillers. Hy spile lang net min, want syn opslach holp Oranje oan in betide foarsprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)