Schuil hâldt nei 22 jier op

27 aug 2013 - 13:59

Richard Schuil hâldt nei 22 jier op mei topfollybal. De âld-Ljouwerter makket dit seizoen noch ôf, mar dan hat it moai west. Schuil begûn syn karriêre yn de seal. Hy wûn mei it Nederlânsk team goud op de Olympyske Spelen fan 1996. Tegearre mei Reinder Nummerdor makke Schuil nei syn sealkarriêre namme as beachfollyballer. It duo waard ûnder oaren trije kear Europeesk kampioen (2008, 2009 en 2010).

Yn totaal stie Schuil leafst fiif kear op de Olympyske Spelen. Hy wol nei syn aktive karriêre wol by de follybalwrâld belutsen bliuwe.

Schuil: 'Ik heb er lang over nagedacht. Ik ben fysiek nog in orde, maar zie het niet zitten om nog drie jaar door te gaan naar de Olympische Spelen in Rio. Aan alles komt een eind, ik kan terugkijken op een geslaagde carrière.'

Syn lêste toernoai is oer in moanne yn Beijing. Dêrnei giet Schuil oan 'e slach mei syn eigen bedriuw, nammentlik topsporters finansjeel en fiskaal helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)