Schuil en Nummerdor yn finale

28 aug 2011 - 12:45

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor stean yn de finale fan de World Tour-wedstriid yn Skeveningen. Se fersloegen yn de heale finale it duo Benes/Kubala út Tsjechië yn twa sets: 21-15 en 21-19.

It is foar Schuil en Nummerdor de sânde kear dat se de finale helle hawwe fan in World Tour-wedstriid. De eardere seis finales waarden allegear wûn. Tsjinstanner yn de finale wurde de Brazilianen Cunha en Ricardo of de Russen Semenov en Kosjkarev.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)