Schuil en Nummerdor winne wer

11 aug 2008 - 17:22

Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha moandei ek har twadde wedstriid op it Olympysk beachvolleybaltoernoai wûn. Tsjin de Noaren Kjemperud en Skarlund gong it dreger as yn de earste wedstriid. It waard in trijesetter: 13-21, 21-15 en 15-9. Yn de earste set waarden troch Schuil en Nummerdor tefolle flaters makke.

Woansdei wurdt de lêste wedstriid yn de groep spile tsjin de Dútsers Klemperer en Koreng.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)