Schuil en Nummerdor útskeakele

18 aug 2008 - 06:20
  • In momint út de ferlerne kwartfinale

De beach-volleyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne op de Olympyske Spelen útskeakele yn de kwartfinale. Twa Brazilianen dy't foar Geörgje útkomme, fersloegen de Nederlanners yn twa sets mei twa kear 21-19. Schuil en Nummerdor stiene yn de earste set wol hieltyd foar, mar de Brazilianen wienen yn de lêste faze sterker.

Yn de twadde set koene de Nederlanners it tij net keare en moasten belies jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)