Schrijver nei jeugd sc H'fean

13 maaie 2014 - 15:06
  • Hans Schrijver

Hans Schrijver sil takom seizoen oan 'e gong as haad fan de Jeugdoplieding by sportklup Hearrenfean. Hy sil boppedat de A1-junioaren traine. Dat makke de fuotbalklup tiisdei bekend.

Schrijver is de opfolger fan Johnny Jansen, dy't as assistint-trainer fan Dwight Lodeweges dwaande sil. Schrijver en Lodeweges wurken yn it ferline al gear by it Kanadeeske Edmontor en it Japanske JEF United. Schrijver is op dit stuit haadtrainer by SC Genemuiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)