Schrijfkamer ek yn Bilgaard

14 feb 2008 - 12:01

Boekhannel De_Friese_Schrijfkamer iepenet in twadde festiging yn Ljouwert. De winkel oan 'e Skrâns sil gearwurkje mei boekhannel Van der Velde dy't in filiaal yn 'e Bilgaardpassaazje hat. Dy festiging wurdt no oernaam troch de Friese Schrijfkamer.

Reden foar de oername is it assortimint. De Schrijfkamer hat sawol boeken as kantoarartikels en dat past goed yn it filiaal Bilgaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)