Schrieversronte hat stipe nedich

04 aug 2003 - 00:00

Finansjele en personiele problemen drige foar de Stellingwarver Schrieversronte. Dat docht bliken út it jierferslach. Oer 2002 is in tekoart. Dat is net it probleem, wol ûnwis is de takomst. Sûnder subsydzjes sil it net slagje om nei 2006 op deselde wize troch te gean.

Troch maatregels fan it ryk moatte minsken mei in ID-baan mooglik fuort. Se dogge no de administraasje. Jild foar ferfangers is der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)