Schotanus ferlit asv Dronten

04 mrt 2011 - 11:27

Inne Schotanus hat per direkt syn kontrakt opsein as trainer fan asv Dronten. Tongersdeitejûn hat er dat meidield oan it bestjoer fan de earsteklasser. In opmerklik beslút omdat Schotanus oardel wike lyn krekt syn kontrakt mei in jier ferlinge hie.

Nei de lêste kompetysjewedstriid tsjin Be Quick'28, die bliken dat der in soad ûnfrede wie. "De akseptaasje fan elkoar en hoe't je mei-inoar omgeane, is de belangrykste reden foar dit beslút", sa seit Schotanus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)