Schoonheidssalon dupe oplichters

06 jul 2006 - 11:25

Anja Marra fan schoonheidssalon Aphrodite op 'e Harkema krige woansdei tolve tillefoantsjes fan minsken dy't dupearre binne troch in tillefoanyske oanbieding.

In freonlike frouljusstim docht froulju út Surhústerfean en de Harkema in fantastyske oanbieding: trije kear nei de schoonheidssalon foar noch gjin 35 euro. Te moai om wier te wêzen en dat is it dus ek, want it giet om oplichterij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)