Schoonebeker: wurkstraf easke

16 jul 2004 - 10:08

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei tsjin in 32-jierrige man út Schoonebeek 120 oeren wurkstraf en seis moannen selstraf ûnder betingst easke fanwege it weiheljen fan syn dochter op 22 maart út in skoalle yn Drachten.

De man helle tegearre mei syn mem syn dochter (7) út skoalle 'De Kameleon' wei. Nei in efterfolging koe de plysje de man by Zweeloo klemride. De eask tsjin de beppe is 120 oeren wurkstraf en 3 moannen selstraf ûnder betingst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)