Scholma fiifde op WK

04 jun 2007 - 09:36
  • Auke Scholma yn aksje tsjin de Mongoliër Otgonbayar

Auke_Scholma út De_Pein is as fiifde einige op it WK damjen yn Hardenberg. Scholma wûn syn lêste partij tsjin de nûmer lêst Otgonbayar. Mar dat wie net genôch om noch in plakje te klimmen. Scholma die lang mei om 'e titel. Mar troch ferliespartijen yn de ien nei lêste en twa nei lêste ronde foel er werom nei it fiifde plak.

De Rus Schwartsmann pakte de wrâldtitel. Mark_Podolski út Dútslân einige op it twadde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)