Schokker werom by Cambuur

07 feb 2013 - 13:14

Cambuuroanfaller Oebele Schokker keart freed tsjin Veendam werom yn de basis. Ofrûne snein tsjin Sparta siet Schokker op de bank, wylst er dêrfoar alle wedstriden noch spile hie. De weromkear fan Schokker giet te'n koste fan Melvin de Leeuw.

De blessueres dy't ferdedigers Mart Dijkstra en Leon Broekhof oprûnen tsjin Sparta falle ta. Beide spilers binne ynsetber. Cambuur kin noch gjin berop dwaan op Tim Bakens, Yuri Rose, Mark Diemers en Marco van der Heide. Sy herstelle fan ferskate blessueres.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Dijkstra, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Bakker, Keurntjes, Schokker, Hemmen en Tighadouini.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)