Schoenpoetser: 400 euro boete

18 jan 2005 - 17:28

De plysjerjochter yn Ljouwert hat in boete jûn oan in 31-jierrige Grinzer om't er immen útskolden hat foar 'schoenpoetser'. Yn kafee Van der Werf op Skiermuontseach soe de fertochte 'zwarte schoenpoetser, maak mijn schoenen schoon' sein ha tsjin in persoan mei in donkere hûdskleur doe't der bier op syn skuon kaam.

Neffens de fertochte hat er it wurd 'swart' noait sein. Dochs hat er in boete fan 400 euro krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)