Schmallenbergfirus ek by kij

23 jan 2012 - 17:21
  • Kij yn de greide

De kâns dat it Schmallenbergfirus oerslacht op Fryske keallen is 100 prosint. Dat seit Toon van Hoof fan Dierengezondheid LTO Nederlân. Melkfeehâlders yn Fryslân krije moandeitejûn útlis oer de gefaren fan it firus. Dat soarge earder foar problemen by skiep. Lamen waarden misfoarme berne en stjerre dêrnei gau.

No blykt it firus ek gefaarlik te wêzen foar keallen. Op bedriuwen yn Flevolân en Drinte binne moandei twa gefallen fan it Schmallenbergfirus ûntdutsen by keallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)