Schippers wol spesjalisten belûke by soarch NE-Fryslân

10 des 2014 - 15:08
  • Minister Edith Schippers fan Folkssûnens

Minister Edith Schippers sil soarchfersekerder De Friesland der op wize om de medysk spesjalisten fan De Sionsberg te belûken by it plan foar de sikehûssoarch yn Noardeast-Fryslân. Dat sei se yn it debat oer lytse sikehûzen. De minister wiist de soarchfersekerders op harren soarchplicht. Schippers hat fertrouwen yn de kontinuïteit fan de soarch yn de regio.

De minister sei ek dat de pasjinten De Sionsberg links lizze litten ha en dat der dêrtroch te min besettting wie. Dizze opmerking soarge foar in soad protest op de publike tribune.

As der goeie takomstplannen lizze foar it sikehûs dan sil it fêst goedkomme, mar it fallisemint fan De Sionsberg barde net samar, warskôge de minister. Wol hat se respekt foar it personiel dat al dy tiid troch wurket. Dêrmei wol se lykwols gjin yllúzjes wekke foar de takomst fan it sikehûs. Dêrfoar ferwiist se nei de kuratoaren.

Oant no ta liet de minister har benammen ynformearje troch De Friesland. Wol sil se ynkoarten sels in besite bringe oan De Sionsberg.

In delegaasje fan sa'n 100 man út Noardeast-Fryslân reizge woansdei nei Den Haach om by it debat te wêzen.

Besjoch hjir it live Twitter-ferslach fan ferslachjouwer Harm Weistra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)