Schingenga wint FK koartebaan

14 des 2002 - 00:00

Arina Schingenga fan It Hearrenfean hat har titel op it FK koartebaan prolongearre. Mei winst op trije ritten wie se sneon yn Dronryp automatysk kampioene. By de foarige kear, yn 1998 yn Steggerda, wûn se ek al.

Twadde en tredde waarden Marieke Wijsman en Marja van der Werf. Janet Boelen besette in fjirde plakje. Der diene 21 froulju mei oan it FK koartebaan yn Dronryp. Snein is yn Harkstede it NK koartebaan froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)