Schievink tichteby Frysk rekord

24 aug 2000 - 09:05

Henk Schievink út Burgum siet tiisdei by it fierljeppen yn Grypstsjerk mei syn sprong fan 18.67 meter mar 18 sintimeter fan it Frysk rekord ôf. Dat stiet op namme fan Klaas Haanstra út Warkum. Dy waard twadde mei in sprong fan 18.03 m.

Earste by de froulju waard Antke van der Wal mei 14.76 m. By de junioaren sprong Ale Hoekstra mei 17.09 m. in nij persoanlik rekord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)