Scherjon wint op It Heidenskip

26 jul 2009 - 10:19
  • Hannes Scherjon (foto: Martin de Jong)

Hannes Scherjon hat sneon de nasjonale fierljepmanifestaasje op It Heidenskip wûn. Hy sprong 20,16 meter. Dêrmei wie Scherjon de iennichste dy't fierder sprong as njoggentjin meter. De nûmers twa en trije wiene Oane Galema en Bart Helmholt. Sy sprongen 18,91 en 18,77.

Favoryt Jaco de Groot fan Kamerik kaam net fierder as it fjirde plak. By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar fan Snits mei in sprong fan 15,55 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)