Scherjon opnij klompkampioen

10 okt 2004 - 15:26

Scherjon fan Noard-Burgum is opnij Nederlânsk kampioen klompmeitsjen wurden. Yn it Brabânske Sint Oedenrode wûn er freed foar de fiifde kear de Sulveren Klomp. Scherjon krijt de priis net mei nei hûs om't dy te djoer is. De sulveren klomp hat in wearde fan 25 túzen euro.

Tweintich klompmakkers diene mei oan it kampioenskip. By de wedstryd waard benammen goed sjoen nei de ôfwurking en de ôfmjittings fan de klompen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)